2 spilers T&T nei Surhústerfean

23 jun 2006 - 09:45

Twa spilers fan Trinidad en Tobago komme nei Surhústerfean. Theobald en Latapy diene mei de nasjonale ploech mei oan it WK yn Dútslân. De middenfjilders spylje ek by FC Falkirk yn Skotlân.

Se komme op 13 july nei Surhústerfean foar in oefenduel tsjin it Fean '58. Falkirk komt út yn de heechste Skotske divyzje, de premier league. De spilers binne oare moanne op treningskamp yn Dwingeloo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)