2 reklameprizen nei Freark Smink

15 mrt 2005 - 16:20

Produsint Freark Smink fan Pleats 1812 út Wurdum hat moandeitejûn twa Fryske reklameprizen wûn. Sawol yn de kategory radio as tv gie de foarkar fan de sjuery út nei in produksje fan Pleats 1812.

By de tillevyzje gie it om de spot fan Tighelaar kachels, by de radio gie it om de spots fan Joop Zandberg Fytsen. It publyk keas oare winners: Wetterskip Fryslân by tv en tank-stasjon Sypersma fan Easterwierrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)