2 Provinsjestocht wol groeie

02 maaie 2012 - 11:50

De Trije Provinsjes Kuiertocht moat útgroeie ta in nasjonaal barren. Dêrom stipet de gemeente Opsterlân de kuiertocht de kommende twa jier mei 4000 euro jiers. De fjirde edysje fan de tocht fynt plak op 12 maaie. De tocht giet troch Fryslân, Drinte en Grinslân. Der binne hieltyd mear dielnimmers. No rinne al goed 3000 de tocht.

In part fan de opbringst giet nei in goed doel. Bakkefean is start- en finishplak. Opsterlân is de iennige gemeente dy de kuiertocht jild taskikt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)