2-jierrich famke te wetter rekke

02 mrt 2006 - 17:07

In 2-jierrich famke út Aldegea yn Smellingerlân is woansdei yn soarchwekkende tastân nei it akademysk sikehûs yn Grins brocht. It famke wie by it boartsjen mei har âldere suske yn 'e sleat fallen. De mem hat it famke dêrút helle. Buorfroulju en letter de húsarts hawwe hat har reanimearre.

Mei de ambulânse is it famke oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert. Fan dêrút is se letter nei Grins brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)