Partysintrum 2 Gemeenten wer iepen mei bettere befeiliging

26 des 2015 - 13:11
  • Partysintrum De 2 Gemeenten yn Jirnsum

Hast in moanne lyn moast De 2 Gemeenten yn Jirnsum ticht, mar op earste krystdei iepene de diskoteek de doarren wer. It gebou moast slute neidat yn 'e nacht fan 21 op 22 novimber der in grutte fjochtpartij útbrutsen wie. Boargemaster Crone besleat dat de saak ticht moast oant dat de ûndernimmer de saken wer op oarder hie.

Dat De 2 Gemeenten de saken op oarder hie wie te fernimmen. Der wie in soad befeiliging oanwêzich en de kontrôle by de yngong wie strang

Dit soarge foar in lange rige foar de yngong en foar in rêstige sfear. It bedriuw publisearre ek strange húsregels yn de saak en op de sosjale media. Foar safier hawwe der freedtenacht gjin ynsidenten west yn De 2 Gemeenten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)