2 Connexxionbussen fan 'e dyk

10 jan 2010 - 11:28
  • Ek by Lauwerseach rekke in bus fan Connexxion fan 'e dyk

By de Werpsterhoeke by Ljouwert is sneintemoarn in bus fan Connexxion fan de dyk ôfrekke. De sjauffeur sei dat er oerfallen waard troch in fûle wynpûster. De bus hat in ferkearsboerd rekke, mar de sjauffeur kaam mei de skrik frij. Der sieten gjin passazjiers yn.

De bus stiet safier yn de berm dat it oare ferkear der gjin lêst fan hat. Connexxion hat yntusken besletten om snein gjin bussen mear ride te litten fanwege de sniejacht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)