1e trening Topmüller by Cambuur

06 jan 2005 - 00:00

Cambuur hat tongersdei foar it earst treend ûnder lieding fan Jan Schulting. De trening wie ek it earste optreden fan 'e Dútske spits Marko Topmüller, dy't by de Ljouwerterts op proef is. Schulting sil tiisdei beslute oft hy it seizoen as haadtrener ôfmakket.

It oefenprogramma foar de kommende wiken is ek rûn. Snein spilet Cambuur yn en tsjin Snits foar gironûmmer 555. Oanslutend is der in koart treningskamp op Skylge mei in wedstriid tsjin Hoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)