1e peal MFA Skearnegoutum

15 mrt 2013 - 10:57
  • It pleatsen fan de earste peal yn Skearnegoutum

Nei jierren fan striid is freed einliks de earste peal slein foar de nije multyfunksjonele akkomodaasje fan Skearnegoutum. Yn it MFA komme ûnder oare de skoalle en it doarpshûs. In pear jier lyn like it der op dat it net slagje soe om in nije akkomodaasje yn it doarp te krijen. Sa wie der te min jild en wie der striid oer wêr't it gebou komme moast. Mar it doarp hat trochset en de gemeente oertsjûgje kinnen.

It MFA komt op it plak fan de âlde skoalle oan de Legedyk en moat ein dit jier klear wêze. De bou kostet goed 2 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)