1e ljipaai fan Nederlân fûn

08 mrt 2009 - 16:35

Yn in polder by Eemnes (Utrecht) is snein it earste ljipaai fan Nederlân fan 2009 fûn. It aai waard om 11.45 oere ûntdutsen troch Reijer Manten út Eemnes, frijwilliger fan in fûgelbeskermingsgroep.

De stifting Lânskipsbehear hat it ljipaai kontrolearre op echtheid. Ferline jier waard it earste ljipaai fan Nederlân ek al fûn yn de Maatpolder by Eemnes, doe op 3 maart. Bûten Fryslân meie de aaien net meinaam wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)