1e Lieuwe Westra classic

09 feb 2011 - 14:58
  • Otto Ebbens sit yn de organisaasje
  • Lieuwe Westra

Op 14 maaie wurdt de earste Lieuwe Westra Trynwâlden Classic riden. Dizze fytstoertocht oer 100 of 40 kilometer begjint en einiget yn Oentsjerk en giet troch de bertestreek fan de profhurdfytser. De organisaasje is yn hannen fan de Stifting Wielerpromoasje Trynwâlden, de Fyts-, Toer- en Trimklup Ljouwerteradiel yn Stiens en de hurdfytsferiening Otto Ebbens fan De Westereen.

Lieuwe Westra is lid fan Otto Ebbens en beropshurdfytser by Vacansoleil-DCM.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)