Reekmelderaksje yn Bilgaard

14 jan 2013 - 22:15

Alle 2800 wenten yn de Ljouwerter wyk Bilgaard hawwe ynkoarten in reekmelder. Alteast, as it oan de brânwacht leit. Groepkes jongerein sille yn opdracht fan de brânwacht alle doarren bydel om reekmelders te kontrolearjen, op te hingjen of ôf te jaan. Wa't net ien hat, kin fergees ien krije.

De brânwacht docht dat om't in soad minsken op dit stuit gjin reekmelder hawwe, wylst dat de feiligens ferheget. As der wol ien is, dan docht er it faak net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)