Mega-útwreiding by kondins

14 jan 2013 - 17:22

Suvelkonsern FrieslandCampina set de kommende moannen útein mei de earste faze fan in grutte útwreiding en fernijing fan it fabryk yn Ljouwert. It giet om útwreiding en modernisearring fan de kondinsaktiviteiten. De ynvestearring is de grutste dy't FrieslandCampina ea yn Fryslân dien hat en folle grutte as oant no ta bekend wie. Dat stiet yn it personielsblêd fan de festiging.

It krekte ynvestearringsbedrach wol it konsern net jaan. Nei skatting leit it fier boppe de 100 miljoen euro, stikken heger as de 35 miljoen dy't earder neamd is.

De nijbou smyt in noch ûnbekend tal nije wurkplakken op. Nei alle gedachten giet it om tsientallen banen. De útwreiding hat te krijen mei de groei fan de merk foar kondinsmolke, foaral yn Azië, en de ferwachte taname fan de molkproduksje yn 2015 as der in ein komt oan de molkkwotearring.

It earste stik fan de útwreiding bestiet út in lasline en in nije hal foar de útwreiding fan de produksje en de ferpakking fan yndikke molke. De tarieding fan de bou is al úteinset mei de ôfbraak fan âlde gebouwen. Letter folget noch in folle gruttere nijbou. De ynvestearrings komme boppe-op de al realisearre útwreiding mei in nije toer foar de molkpoeierproduksje en de bou fan opslachromte. It ynvestearrings- en nijbouprogramma yn Ljouwert, dat de namme Pave hat, sil de kommende jierren fierder foarm krije. FrieslandCampina wol op dit stuit gjin neiere taljochting op de plannen jaan.

Trefwurden: 
FrieslandCampina kondins
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)