Frouljuskoartebaan Nijlemmer
De earste koartebaanwedstriid foar froulju wurdt tiisdeitejûn ferriden yn Nijlemmer. Dat hat de pleatslike iisferiening bekend makke. De ynskriuwing is moandei úteinset. De Naderman Cup, sa't de wedstriid offisjeel hjit, wurdt tiisdeitejûn om healwei achten ferriden. Der binne noch gjin nammen bekend fan dielnimmende reedrydsters.