'Konst wie wol ferantwurdlik'

14 jan 2013 - 14:06

Deputearre Konst wie de ôfrûne jierren wol deeglik ferantwurdlik foar it provinsjale grûnbelied. Dy krityk klinkt hieltyd lûder yn provinsjale steaten nei oanlieding fan it krityske rapport fan buro Berenschot. Dêr stiet yn dat it ûndúdlik wie wa't ferantwurdlik wie.

Ien fan de oerdrachtsdossiers fan it âlde nei it nije kolleezje út 2011 wiist lykwols in oare kant út. Konst wie wol ferantwurdlik foar it grûnbelied, stiet dêryn.

Yn de oerdracht giet it oer de Sintrale As, de nije dyk fan Dokkum nei Nyegea. Dêr stiet yn dat de kommisje gebiedsûntjouwing soargje moat dat der grûn beskikber komt foar de nije dyk. Eksplisyt wurdt skreaun dat soks ûnder politike lieding stiet fan deputearre Konst. Under oare de PVV hat it dossier ek en sjocht dêr it bewiis yn dat der hielendal gjin ûndúdlikheid is oer de ferantwurdlikheid foar it grûnbelied. Deputearre Konst fynt dat de sin yn it oerdrachtsdossier hielendal neat bewiist. Hy werhellet dat it kolleezje as totaal ferantwurdlik wie foar it grûnbelied en net hy persoanlik.

De oerdrachtspapieren fan twa jier lyn sizze neat nijs oer wa't no ferantwurdlik wie foar it grûnbelied fan de provinsje. De diskusje dêroer is wol hiel ferfelend. Dat seit deputearre Hans Konst yn reaksje op it nijs dat Omrop Fryslân earder dizze dei nei bûten brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)