Memmen oppakt yn Grou

14 jan 2013 - 12:35
  • It "fytspaad" foar de brede skoalle yn Grou

Twa memmen binne yn Grou oppakt omdat se yn de nacht fan sneon op snein yn dat plak in fytsoerstekplak op de dyk skildere hawwe. Mieneke de Wit en Daphne Frijling fine de ferklearssitewaasje op de Tjallinga sa gefaarlik dat se sels aksje ûndernaam hawwe. Op it plak moatte bern oerstekke om by de nije brede skoalle komme te kinnen.

De memmen wiene fan doel om ek noch in sebrapaad op de dyk te skilderjen, mar se waarden tsjinhâlden troch de plysje. De nije brede skoalle yn Grou is sûnt ferline wike tiisdei iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)