Dronken spoekrider by Marsum

© Omrop Fryslân
De A31 by Marsum hat yn 'e nacht fan snein op moandei koarte tiid ôfsletten west om in dronken spoekrider oanhâlde te kinnen. De 40-jierre autobestjoerder út Anna Paulowna (NH) ried tsjin it ferkear yn. In pear oare automobilisten koene noch mar krekt om de auto fan 'e spoekrider hinne.
De plysje sleat dêrom de wei mei ferskate ienheden ôf. De spoekrider waard fan 'e dyk helle en krige in rydferbod en syn rydbewiis waard ek noch ynnaam. De bestjoerder hat de ôfrûne jierren al fjouwer kear earder trapearre west op riden ûnder ynfloed.