Auto oer de kop troch glêdens
Op de A32 by It Hearrenfean hat moandeitemoarn in ûngelok west. Troch de glêdens sloech flak nei healwei njoggenen in auto oer de kop by de ôfslach It Hearrenfean-sintrum. Der rekke gjinien ferwûne by it ûngelok.
De plysje warskôget dat automobilisten earst noch goed rekken hâlde moatte mei de glêdens.