Drege winst follybalfroulju

13 jan 2013 - 17:39

De follybalfroulju fan Snits ha snein in swierbefochten 3-1 oerwinning helle op Peelpush. Yn Meijel pakten de Snitser froulju oertsjûgjend de earste set mei 18-25. De set derop wienen de rollen omdraaid en wie de setwinst foar Peelpush.

Yn de tredde set lutsen de Snitsers yn in spannende striid oan it langste ein. It ferset by Peelpush wie lykwols noch lang net brutsen. Yn in lykopgeande fjirde set waard de einoerwinning mei muoite binnensleept troch de froulju fan trainster Petra Groenland. Setstannen: 18-25, 25-18, 28-30 en 25-27.

De Snitser follybalfroulju steane noch altyd tredde yn de DELA league.

Trefwurden: 
follybal VC Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)