Twadde allroundtitel foar Wüst

Ireen Wüst hat snein yn Thialf har twadde Europeeske allround titel pakt. Nei har oerwinning yn 2008 wie de rydster fan It Hearrenfean dit wykein opnij mei oermacht de bêste. Op de ôfslutende 5 kilometer klokte Wüst in eintiid fan 7.01.95, goed foar it sulver efter Martina Sáblíková. De Tsjechise notearre in winnende tiid fan 6.57.16 en wie dêrmei de iennige ûnder de sân minuten. It brûns wie foar Linda de Vries mei in tiid fan 7.02.77.
Antoinette de Jong fan Rottum bekroande har EK-debút mei in fyfde plak en in persoanlik rekôr fan 7.08.52 op de 5 kilometer. Boppedat sparre De Jong in geweldich oantal punten byinoar, wat goed wie foar in nij junioarerekôr.
Yn it einklassemint stekt Wüst mei kop en skouders boppe har konkurrinsje út. Op it twadde plak fine wy Linda de Vries, folge troch Diane Valkenburg op it tredde plak. Opfallend is it fjirde plak fan Sáblíková, dy't fan tefoaren as grutste konkurrinte fan Wüst neamd waard.