Bobsliders 16e yn Königssee

Bobslydzjen, twamansbob, Sybren Jansma, Edwin van Calker © Marc van Veen
Bobslider Sybren Jansma fan De Pein is sneon tegearre mei stjoerman Edwin van Calker as 16e einige by de sânde wrâldbekerwedstriid yn it Dútske Königssee. It wie de earste wedstriid foar it duo, neidat Van Calker troch in blessuere oan de hamstring foarige wike de wedstriid yn Altenberg ôfsizze moast.
Op wei nei de wrâldkampioenskippen yn St. Moritz, dat oer twa wiken út ein set, naam de stjoerman sneon gjin risiko by de start. Mei it 16e plak kwalifisearre beide manlju harren net foar de twadde run.
De twamansbob waard wûn troch it Kanadeeske duo Lyndon Rush en Jesse Lumsden. Rush, dy't syn twadde wrâldbekerwedstriid fan it seizoen wûn, giet no oan de lieding yn it wrâldbekerklassemint. Jansma en Van Calker steane no santjinde yn it wrâldbekerklassemint mei 574 punten.
Mei de fjouwermansbob einige Jansma mei Jeroen Piek fan It Hearrenfean, Arno Klaassen en Van Calker as 16e. In knappe prestaasje, want Klaassen, Jansma en Piek slaggen der sels yn harren starttiid fan de earste run yn de twadde run te ferbetterjen. "Dit resultaat geeft wel aan welke mogelijkheden dit team heeft als iedereen fit is’’, konkludearre Van Calker nei ôfrin.
Nije wike stiet yn Igls de folgjende wrâldbeker en tagelyk Europeeske titelstriid op it programma. In wike dêrnei starte de wrâldkampioenskippen yn St. Moritz.