Rydbewizen hurdriders ynnommen

© ANP XTRA
De plysje hat it wykein yn Ljouwert fan twa automobilisten de rydbewizen ynnaam nei snelheidsoertrêdings. Op de Harnzserstrjitwei, de N383, passearre in Amsterdammer mei 157 kilometer de oere in kontrôle mei de lasergun. Op dy dyk is 100 kilometer tastien. It rydbewiis fan de man waard ynfoardere en der waard proses-ferbaal tsjin him opmakke. Sneintemoarn waard op de Grinzerstrjitwei in 21-jierrige man út Gytsjerk by in lasergunkontrôle pakt. Hy ried 125 kilometer dêr't 70 tastien is. Ek hy rekke syn rydbewiis kwyt en krige proses-ferbaal.