'Gjin berop Polderhoofdkanaal'

13 jan 2013 - 12:18

De gemeente Opsterlân moat net yn heger berop gean tsjin in rjochterlike útspraak oer it Polderhoofdkanaal. Dat wolle de fraksjes fan de VVD, Opsterlanders en Lokaal Belang Opsterland. Se tsjinje der moandei in moasje oer yn yn de gemeenteried. De rjochter hat koartlyn in belangrike natuerûntheffing fan tafel fage, wêrtroch't it wurk oan it weriepenjen fan it Polderhoofdkanaal net trochgean kin. De gemeente Opsterlân kin yn heger berop gean tsjin dy útspraak. De trije riedsfraksjes tinke dat dat gjin kâns makket.

Se freegje boargemaster en wethâlders no om mei in alternatyf plan te kommen om it toerisme en de rekreaasje yn Nij Beets en De Feanhoop in ympuls te jaan. Dat kin neffens har ek sûnder dat it Polderhoofdkanaal befarber makke wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)