Plysje pakt fernielers op
De plysje hat sneontenacht yn Damwâld twa jonges út Wâlterswâld (19) en Rinsumageast (18) oanhâlden foar fernielerij. In tsjûge hie sjoen hoe't it stel in boukeet omtreaun hie en in dixi yn in sleat treaun hie. Tanksij in goed sinjalemint koe de plysje de twa oanhâlde op de Doniawei. Ien fan har bekende de fernielerij. De twa jonges binne meinaam nei it buro.