Frou (87) thús bestellen

In frou op jierren is sneon yn har hûs yn Ljouwert bestellen troch in ûnbekende man. Dy belle by har oan en sei dat er har nije buorman wie. Hy fertelde dat er yn syn eigen hûs de kraan iepenstean litten hie en hy woe even sjen oft de buorfrou no ek lêst hie fan lekkerij. De frou liet him deryn en de man gie doe har hiele hûs troch. Doe't er fuortwie, die bliken dat er jild en in bankpas stellen hie. Plysjes ha de frou opfongen, se wie bot skrokken. Se hat slachtofferhelp krigen.