Man rydt tsjin lampepeal

13 jan 2013 - 11:09

By in ûngelok op de Noarderdwersfeart yn Drachten is sneontejûn in man fan tweintich ferwûne rekke. De man wie troch noch ûnbekende oarsaak mei syn auto tsjin in lampepeal riden. Omdat de plysje tocht dat er tefolle dronken hie, woene se de man meinimme nei it buro. Doe't er yn de plysjeauto siet, waard de fertochte ynienen hiel ûnrêstich en wie der net mear mei him te praten. Doe is fuortendaliks in ambulânse warskôge en is de man nei it sikehûs brocht. Dêr die bliken dat er net tefolle dronken hie. Wat der wol oan de hân wie, is net dúdlik.

Trefwurden: 
ûngelok Drachten lampepeal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)