Illegaal swimme yn Dokkum

© awfoto.nl
De plysje hat sneintemoarn betiid fiif jongeren út it bûtenbad fan it swimbad oan it Tolhuispark yn Dokkum helle. Surveillearende plysjes krigen om in oere as fiif in melding dat der jeugd yn it swimbad omspaande. Doe't se der kamen, fûnen se fiif jongeren yn it bad. Dy wiene nei alle gedachten oer it stek klommen en hiene doe it ôfdekdoek fan it bûtenbad ôfskood. Dêrnei wiene se deryn sprongen. Se ha alle fiif in bekeuring fan njoggentich euro krigen, omdat se op ferbean terrein wiene.