Slim ferwûne nei ûngelok

In man fan 26 út Drachten is sneontenacht slim ferwûne rekke by in ûngelok yn Boelensloane. De man kaam troch noch ûnbekende oarsaak mei syn auto yn de berm fan de Langewyk. Hy ferlear de macht oer it stjoer en kaam tsjin in beam ta stilstân.
It slachtoffer moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. Hy is troch personiel fan de ambulânse en de traumahelikopter behannele. Dêrnei is er mei de ambulânse nei it universitêr medysk sintrum yn Grins brocht. Syn auto rekke swier fernield.