Aris wint maklik fan Rotterdam

12 jan 2013 - 22:05

Aris Ljouwert begûn as in kâlde disel oan de wedstriid tsjin de nûmer lêst Rotterdam. De ploech fan coach Erik Braal ferlear it earste kwart mei 26-23. Dêrnei waard it ferskil gau dúdlik. Mei 29-9 yn it twadde kwart wie de wedstriid healwei al spile (52-35). Mei 27-24 en 24-22 waard Rotterdam foar de tredde kear dit seizoen ferslein en boppedat gongen de Ljouwerter basketballers ek dizze kear oer de 100 punten: 103-80. Samme Givens wie mei 29 punten de tûkste Aris spiler. Aris stiet fiifde yn de basketballeague.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)