Op it nipperke lykspul LDODK

12 jan 2013 - 21:44

LDODK koe sneontejûn yn sportsintrum Koartsweagen in gefoelige tik krekt ûntrinne. Tsjin TOP Sassenheim, de nûmer lêst yn de kuorbal league, waard it 22-22. André Zwart soarge mei twa doelpunten yn it lêst foar de remize. LDODK begûn goed oan de wedstriid en naam in 7-2 foarsprong. Dêrnei rûn it ynienen folle minder by de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool. Healwei stie TOP mei 14-11 foar. It waard 20-22 mei noch twa minuten op de klok en dêrnei in tûke André Zwart. It ferskil tusken beide ploegen bliuwt trije punten yn it foardiel fan LDODK.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)