Winst Flyers yn Amsterdam

12 jan 2013 - 20:56

De Friesland Flyers ha sneontejûn mei 7-0 fan Amsterdam wûn. Alexandr Terjohins, Tony Demelinne en Jeffrey Martens setten de Flyers yn de Jaap Edenhal yn de earste perioade op in 3-0 foarsprong. Yn de tredde perioade kamen der noch fjouwer goals by. Sander Dijkstra, Andrew Krelove, Tony Demelinne en Gerald Pollastrone wiene de doelpuntemakkers. Troch de winst kinne de Flyers seis punten byskriuwe. De staakte wedstriid fan 16 desimber troch in wek yn it iis, wurdt net oer spile. De winner fan sneontejûn krige ek de punten fan desimber.

De Flyers stiene doe op in 2-0 foarsprong. By Amsterdam spilen coach Ron Berteling (55 jier) en assistint-coach Alexander Schaafsma mei omdat de ploech oars te min spilers hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)