Wykels Hallum ferrast op FK

12 jan 2013 - 18:18
  • Drachtster Boys wint Iepen Frysk kampioenskip sealfuotbal

Wykels Hallum is sneon de ferrassende winner wurden fan de 26e edysje fan it Iepen Frysk kampioenskip sealfuotbal. Yn sporthal De Trije yn Frjentsjer wûnen de manlju mei 3-0 fan FVC út Ljouwert. Doelpuntemakkers wienen Bjorn Dijkstra, Jordi ten Kate en Ybele Reitsma. De tredde priis gong nei Ljouwert en DTD.

By de froulju gong de finale tusken VIOD en de grutte favoryt Drachtster Boys. De oerwinning gong yn in spannende striid úteinlik mei 2-1 nei de froulju út Drachten. De tredde prizen wienen foar Drachtster Boys 2 en HZVV út Hoogeveen.

Oan it Frysk kampioenskip dienen yn totaal 144 dielnimmers mei: 96 manljusploegen en 48 frouljusploegen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)