Wüst oan kop nei earste EK-dei

Op jacht nei har twadde Europeeske allround titel giet Ireen Wüst mei noch twa ôfstannen te gean oan de lieding yn it algemien klassemint. Op de 3000 meter sette Wüst sneon in winnende tiid fan 4.01.25 op de klok. In tiid wêrmei't se har konkurrintes Claudia Pechstein (4.09.67) en Martina Sáblíková (4.03.68) it neisjen joech. It sulver wie foar Sáblíková, it brûns foar Linda de Vries (4.05.33).
Debutante Antoinette de Jong ried opnij in goede rit op de 3 kilometer. It 17-jierrige talint klokte 4.07.48, goed foar it sechsde plak.
Yn it algemien klassemint stiet de Rottumse no ferrassend twadde op rom 2 tellen efter Wüst. Linda de Vries fine wy op it tredde plak yn it klassemint. Snein ride de froulju de 1500 meter en de ôfslutende 5 kilometer.