Soargen oer imago Easterwâlde

12 jan 2013 - 16:33

De skrik sit der bot yn yn Easterwâlde. Nei twa gewelddiedige ynsidinten yn ien wike freegje ynwenners har ôf wat der oan de hân is. Ek de boargemaster hat soargen. Nije wike sil er mei de plysje om tafel om te sjen wat der oan te dwaan is. Scapino oan de Dertiende Aprilstraat wie freed it doel fan in oerfaller. De man naaide út mei it jild en is noch hieltyd net pakt. Ek oerfallers op it tankstasjon oan de Oost binne noch spoarleas. De oerfallen en de moard op in 51-jierrige bewenner oan de Hoge Esch dogge it doarp gjin goed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)