Cambuur wint lêste oefenduel

12 jan 2013 - 16:19

SC Cambuur hat sneon de oefenwedstriid tsjin FC Dordrecht mei 4-3 wûn. Yn Dordrecht kaam de thúsploech betiid op 1-0. Michiel Hemmen soarge yn de 37e minút foar de lykmakker. Yn dyselde minút herstelde de thúsploech de foarsprong, wêrtroch Cambuur de klaaihokken opsocht mei in 2-1 efterstân.

Nei it skoft tekene Hemmen mei syn twadde treffer foar de 2-2, wêrnei't Dordrecht opnij op foarsprong kaam. In treffer fan Melvin de Leeuw soarge opnij foar lykwicht. De winnende treffer kaam úteinlik fan de foet fan Adnane Tighadouini.

Freed 18 jannewaris start de ploech fan Alfons Arts mei de twadde helte fan de Jupiler kompetysje. Dan stiet de útwedstriid tsjin Fortuna Sittard op it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)