Ambulânse botst mei buske

Ambulânse op de kant © Jordi Haverdings, 112Groningen
In Fryske ambulânse is sneontemoarn yn Grins belutsen rekke by in ûngelok. De sike-auto wie mei in swier ferwûne slachtoffer fan in ûngelok earder dy moarn yn Appelskea ûnderweis nei it universitêr sikehûs yn Grins. Troch ûnbekende oarsaak kaam de ambulânse op de Lubeckwei yn botsing mei in buske. Troch de klap kaam de sikeauto op syn kant. It swier ferwûne slachtoffer is mei in oare ambulânse nei it UMCG brocht. De twa ferplegers en de sjauffeur fan de sike-auto binne ek nei it sikehûs rekke. De plysje ûndersiket de tadracht.