Mear dakleazen yn nachtopfang

12 jan 2013 - 14:55

Hieltyd mear dakleazen melde har by de nachtopfang yn Ljouwert. Opfangorganisaasje Zienn sjocht in fikse groei en fangt dit jier sa'n 25 prosint mear minsken op as de jierren derfoar. Op it stuit sliepe der hast alle nachten fjirtich dakleazen. No't it wer kâlder wurdt en de winterneedopfang fan sneon ôf iepen is, sille dat der noch mear wurde.

De grutte groei hat net allinnich mei de winter te krijen. Ek fan 't simmer seach opfangorganisaasje Zienn dat it tal dakleazen dat gebrûk makket fan de nachtopfang, behoarlik tanimt.

De lêste moannen sliepe der yn trochsnee tusken de 35 en 38 minsken per nacht. Ferline jier wiene dat der noch sa'n 28. Yn de winterneedopfang is in sliepplak fergees.

Trefwurden: 
Zienn dakleazen nachtopfang
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)