De Jong start EK mei brûns

12 jan 2013 - 14:47
  • Antoinette de Jong

Antoinette de Jong is it EK allround yn Thialf sneon goed út ein set. Op de 500 meter sette de 17-jierrige debutante út Rottum in tiid fan 39,42 op it boerd. In dik persoanlik rekôr dat boppedat goed wie foar it brûns. De winst wie foar de Tsjechise Karolína Erbanová, dy't in winnende tiid fan 38.72 klokte. Twadde waard de Russise Yekaterina Lobysheva (38.98).

Ireen Wüst einige mei 39,69 krekt neist it poadium op it fjirde plak. Wol pakte Wüst in lytse foarsprong op har direkte konkurrintes Claudia Pechstein en Martina Sáblíková.

Letter op de dei komme de froulju opnij yn aksje. Fan 16.00 ôf oere begjint de 3 kilometer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)