Friezen reizgje nei bûtenlân

De Friezen ha noch jild genôch om op reis te gean nei it bûtenlân. Dat docht sneon bliken op de fakânsjebeurs yn Surhústerfean. Der wurde sa'n 2000 besikers ferwachte dy't in fakânsje boeke wolle. Dat binne der like folle as ferline jier. Dat strykt net mei wat de ûndersikers ôfrûne wike publisearren. Neffens de saakkundigen sille de Nederlanners krekt minder op fakânsje gean dit jier en bliuwe se faker yn Nederlân. Op de beurs by Dalstra kamen foar it grutste part 50-plussers dy foaral kompleet fersoarge all-inn reizen boeke.
De Friezen ha noch jild genôch om op reis te gean nei it bûtenlân. Dat docht sneon bliken op de fakânsjebeurs yn Europa en Noard-Afrika binne populêr.