Noch druk begrutting Cambuur

11 jan 2013 - 21:32

Cambuur is finansjeel noch net yn feilige haven. Dat sei de foarsitter fan de ried fan kommissarissen Ype Smid freed op de nijjiersresepsje fan de klup. De begrutting stiet noch ûnder druk, hoewol't der it ôfrûne jier swarte sifers skreaun binne. De ûnwikkelingen fan de plannen foar in nij stadion binne neffens Smid essinsjeel.

Cambuur hat it kontrakt mei Jonathan Vosselman definityf ferbrutsen. Yn de kommende wiken sil Cambuur mei fjouwer kandidaat-trainers om 'e tafel. Ein jannewaris hopet Cambuur de opfolger fan Arts te presintearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)