Plysje wol fytsers warskôgje

Fytsersbûn dielt fergese LED-lampkes út © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De plysje yn Drachten sil fan no tiisdei ôf ekstra kontrolearje op de krusing fan de Stasjonswei en de Lange West. Dat om foar te kommen dat der slimme ûngelokken barre dêr't fytsers by belutsen binne. Op it krúspunt ride fytsers geregeld troch read, oer de stoepe en oan de ferkearde kant fan de dyk. Sa hoege se net foar de stopljochten te wachtsjen. Tagelyk ek sil de plysje kontrolearje op fytsferljochting. De earste kontrôle is moarns yn de spits, mar ek op oare dagen sil de plysje yn aksje komme.