Blokhuijsen wint fan Kramer

Sven Kramer © ANP
Jan Blokhuijsen hat op de iepeningsôfstân fan it EK reedriden op It Hearrenfean konkurrint Sven Kramer op de 500 meter ferslein. Blokhuijsen wie yn Thialf mei 36.40 sekonden 0.30 sekonden flugger as Kramer. Dat betsjut dat Sven Kramer freedtejûn op de 5 kilometer 3 sekonden goed meitsje moat. De winst op de 500 meter gie nei de Poal Konrad Niedzwiedzki mei 35.93 sekonden. Twadde waard ek in Poal, Zbigniew Brodka, yn 36.03 sekonden en it tredde plak wie foar de Noar Håvard Bøkko mei 36.14. Blokhuijsen waard fjirde en Kramer sânde.