Oerfal op winkel Easterwâlde

Burgernet © Omrop Fryslân
Der hat freedtemiddei om tweintich oer fiven in oerfal west op in winkel oan de 13 Aprilstrjitte yn it sintrum fan Easterwâlde. De plysje hat fuortendaliks it publyk op Boargernet frege om nei de man út te sjen.
De oerfaller drige mei in mes. Hy hat jild meinommen yn in plestik pûde. It giet neffens de plysje om in blanke man fan tusken de 30 en 40 jier. Hy hat in bêzje broek oan en in griene jas en hie by de oerfal in sjaal foar de mûle. Wa't de man sjocht moat net sels yn aksje komme, mar de plysje belje.