Blomkemerk wer nei binnenstêd

De blomkemerk op Himelfeartsdei komt werom nei de binnenstêd yn Ljouwert. Dit om de ûndernimmers dêr mear profitearje te litten fan de grutte tarin fan minsken op dy dei. Tagelyk mei de blomkemerk wurdt foar it earst ek in jiermerk holden.
Ein jierren tachtich ferhuze de blomkemerk nei de Tesselschadestrjitte en de Langemerkstrjitte. De blomkemerk sil holden wurde op de Prins Hendrikstrjitte, it Ruterskwartier en de Westerplantaazje. De jiermerk sil plakfine op it Saailân, de Wurdumerdyk en de Nijsted.