Winkeldieven binnen dei pakke

11 jan 2013 - 15:59

Winkeldieven, rêddraaiers en lytse kriminelen wurde yn Noard-Nederlân tenei gauwer oanpakt. Doel is om binnen in dei de dieder te pakken, te hearren en te straffen. Neffens justysje is it goed dat maatskippij, fertochte en slachtoffer gau witte wêr't se oan ta binne.

Freed waard de nije ZSM-oanpak presintearre. Op it plysjeburo fan Grins is hjir in spesjale ôfdieling foar. Justysje ha al 40 saken yn Noard-Nederlân mei de flugge oanpak ôfhannele. In protte fertochten krije binnen seis oeren tiid in straf, lykas in boete of wurkstraf.

De earste saak wie de fernieling fan de auto fan Dick Eissing troch trije dronken jongens. De skea wie yn dit gefal 650 euro.

It bart no noch te faak dat fertochten mear as in jier wachtsje moatte op de rjochtsaak. Dat is net goed, fynt it Iepenbier Ministearje. It nije ZSM-team sil tenei sân dagen yn 'e wike lichte gefallen fan fernieling, mishanneling en diefstal behannelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)