Noch soad EK-kaarten te keap

Der binne noch tûzenen kaarten beskikber foar it EK reedriden allround yn Thialf op It Hearrenfean dat freed begjint. Jierrenlang wie it gebrûklik dat der by grutte toernoaien yn Thialf gjin minsk mear by koe, mar dy tiden ha west.
Freed is de earste dei fan it EK, mei lege plakken yn it stadion. Twatûzen kaarten binne net ferkocht. Ek foar snein binne noch sa'n 2500 kaarten beskikber. De KNSB betinkt no ludike aksjes om it stadion dochs noch fol te krijen. Elkenien dy't ferklaaid as Fries in kaartsje keapet, krijt 50 persint koarting.