Trucker Schoo leit út Dakar

Marcel Schoo fan Wolvegea hat troch technyske swierrichheden oan syn truck opjaan moatten yn de Dakar Rally. Yn 'e sechde etappe sloech de 44-jierrige Schoo mei syn byriders Michel van Herpen en Jaap de Wit oer de kop. Sy rekken net ferwûne, mar de skea oan de truck wie te grut om fierder te gean.
Schoo hat fiif kear meidien oan de Dakar Rally en hat him ek twa kear útriden.