Pakket Wolvegea net gefaarlik

11 jan 2013 - 10:53

It fertochte pakketsje op it stasjon fan Wolvegea is net gefaarlik. De Explosiven Oprommingstsjinst (EOD) die oerenlang ûndersyk en is ta dy konklúzje kaam. In reizger melde freedtemoarn betiid dat der in fertocht pakketsje neist it stasjon lei.

De plysje naam gjin inkeld risiko en skeakele earst in bomferkenner en letter de EOD yn. Om dy reden mochten treinen net op it stasjon stopje. Letter waard it treinferkear folslein stillein. Reizgers waarden mei bussen ferfierd. Yn it pakket sieten flessen mei triedden deroan. Dy binne no ôffierd.

It pakketsje hat foar in soad oerlêst soarge en neffens de plysje wie dat mei opset sin sa dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)