Dong net mear ynspuitsje

Jarremasine op it lân © Omrop Fryslân
De agraryske natoerferiening de Noardlike Fryske Wâlden wol dat it tenei wer tastien is om dong op de gewoane wize út te riden. Mei oare wurden boppe de grûn. Op dit stuit moatte boeren de dong noch yn de grûn spuitsje, omdat dat better wêze soe foar it miljeu. Sa soe der mei it ynspuitsjen minder ammoniak yn de loft komme.
Neffens de Noardlike Fryske Wâlden docht út nij ûndersyk bliken dat dat hielendal net sa is. It gewoane útriden soe sels better wêze foar it miljeu, omdat dan it libben yn de grûn mear kâns krijt.
Sa kin bygelyks de wjirm gewoan syn gong gean en dat is better foar de grûn. De natoerferiening wol no de diskusje oangean mei de polityk oer de dongregels.