Fragen FNP oer baneferlies

CJIB © ANP
De FNP is benaud dat tsientallen banen ferlern gean sille by de Ljouwerter kantoaren fan it CJIB en de Belestingtsjinst. Neffens de partij binne dêroer sterke sinjalen kommen út Den Haach. Oarsaak soe de reorganisaasje fan beide rykstsjinsten wêze. Earder binne ek al 60 folsleine arbeidsplakken ferdwûn by it Iepenbier Ministearje yn Ljouwert. De FNP-fraksje yn de steaten makket him dêr grutte soargen oer en stelt dêrom fragen oan Deputearre Steaten.
Sa wol de partij witte wat krekt de ôfspraken binne dy't makke binne mei de ryksoerheid, doe't Ljouwert in pear jier ferlyn oanwiisd is as konsintraasjekearn fan rykstsjinsten.