Eksperimint kust Aldemardum

Foar de kust fan Aldemardum wurdt de kommende jierren eksperimintearre mei in nije wize fan it fersterkjen fan de kust. Oer in lingte fan in pear hûndert meter wurdt in laachje sân oanbrocht op de boaiem fan de Iselmar. Dat soe de kust sa bot ferstevigje moatte dat it opheegjen fan de seediken net langer nedich is. Troch de stiging fan de seespegel is it needsaaklik om yn de takomst by in grut part fan de Nederlânske kust lâns maatregels te nimmen, mar it opheegjen fan al dy diken soe te djoer wurde.
It opspuitsjen fan sân is in stik goedkeaper en boppedat better foar de natoer, sa sizze de betinkers fan dizze metoade. De kommende jierren sil foar de kust fan Aldemardum test wurde oft it ek echt wurket. Oer goed oardel jier moatte de earste útkomsten bekend wêze.